De pontsjerûte
30 of 33 km
"kom yn beweging en moetsje inoar"
Yn de jierren '90 kaam de kuiersport hieltyd mear yn opkomst. It spruts my ek oan en nei de oplieding "Sportief Wandelen" bin ik yn Grou útein set mei in pear groepen. De animo wie grut en ek kaam der, mei nei oanlieding fan de Slachte, fraach nei in programma fan tarieding op de 42 km fan de Slachte.
Wy wenje hjir yn in hiel moai lânskip, It Lege Midden, en dêr soe yn de maitiid in prachtige kuiertocht bêst passe. It soe wat ekstra krije kinne yn dizze wetterwrâld, troch de ponten te brûken. Sa ûntstie it plan om fanút Grou oer Nes, de Feanhoop en de Burd in kuiertocht te hâlden. Dan koenen wy gebrûk meitsje fan trije pontsjes. Dêrneist like it my aardich ta om healwei in nijsgjirrige kofjestop te hâlden by in boer op it hiem. Boer Jan de Boer wie hjir fuortendaliks foar te finen. De earste kear wie yn 2002, no ha wy alwer de fiifde tocht hân op 29 maaie 2010.
Neist dat ik graach de minsken yn beweging ha wol, is myn doel wol om it budzjettêr neutraal en lytsskalich te hâlden. Der hingje dan ek net folle toeters en bellen oan. De ynlis wurdt oan de ponten, in fersnapering en in lyts oantinken bestege.
Wurden, dy't by de tocht hearre, binne: ienfâldich, gesellich, unyk, kofje op syn jan-boerefluitsjes.
Om foar te kommen, dat der wachttiden by de ponten binne, kinne der net mear as trije groepen fan 100 dielnimmers meidwaan.
Groetnis,
Hinke Volbeda
